31-01-2013

Glydzje




it âlde wyfke
de rollator foar har út
as wie it in stoel





29-01-2013

Duorsumens

 





Hjoed moast ik ynienen tinke oan ús pake, dy’t feehanneler wie. Om’t er frjemde wurktiden hie, wie er eins noait mei itenstiid thús.
Yn de jierren sechstich en santich fan de foarige ieu wiene der yn pake syn hûs gjin gaskachels, en al hielendal gjin sintrale ferwaarming. Hy hie houtkachels. Twa. Ien yn de foarkeamer en ien yn de achterkeamer. Yn de keuken, it klompehok en boppen wie der gjin ferwaarming. Beppe hie op it graniten oanrjocht wol in twapitsgassteltsje op butagas te stean, en fierders hie se twa petroaljesteltsjes om iten op te sieden of der waarm op te hâlden. 
By pake-en-dy waard der middeis om tolve oere waarm iten. It moarns- en jûnsmiel bestie út brochjes, bakken en jûns faak mei in stik roggebrea derby.
“Brea slacht de honger dea”, sei pake dan. Leafst hie er dêr dan wat fynsnien spek op, of krûdtsiis. Dat er snijde mei in herdersmeske dat sa tin wurden wie troch it folle brûken, dat it hast wol in stikje izertried like. By pake gjin potten mei nútsjesmoar of sûkelarjepasta. Heechút ris in pakje sûkelarjekerrels, op snein of mei de hjeldagen.

Der wie noch in apartichheid mei pake syn iten. At pake der net wie mei it middeismiel, die beppe syn iten gleonhyt yn in grutte itenspanne. Net sa’n plattenien as wy hjoed-de-dei hawwe, mar it like mear op wat tsjinwurdich in soppanne is, of sa’n pastaboard, mei in djippe kûm deryn. Beppe skepte de panne goed fol, die der in omkeard board boppenop, en dan wuolle se dat yn in grutte baddoek. It hiele gefaarte waard
ûnder de tekkens en de wytkanten sprei, oan it fuottenein fan it âldersbêd skood. At pake dan thúskaam fan de freedsmerk yn Ljouwert, sa om twa oere hinne, koe er earst even lekker ite, en neitiid in kniperke dwaan yn in swietrokich, waarm bêd.  It is noch gjin fyftich jier lyn dat it sa gie, miskien ek wol by oare minsken út dy tiid. Der waard net folle wei.

Bûten, tsjin it hûs oan, wie in soarte fan ticht ôfdakje boud, dêr’t pake it hout foar de kachels yn bewarre. It hokje wie wol wetter-, mar net wynticht. Dan siichde it hout goed troch, sei pake, en waard it hout fansels droech. Yn dat hokje hie er in ekstra keamerke timmere. By’t simmer sliepten de útfanhûzers dêryn. En sliépe datst dêr koest! It rook altiten hearlik nei hout en hea en gers. Meidat der gauris in sigentsje trochhinne gie, wie it krekt oftst yn de bûtenlucht leidest te sliepen. Los fan it hûs, mei in skulpepaadsje dernei ta, stie de stâl. Dêr wie it húske; in brede, houten kiste mei in gat deryn en in lid mei hantfet derop, moai laaiblau farve. It húske stie boppen de groppe, dus fan minske en bisten koe alles yn ien kear ferwurke wurde. Dêr siichde it ek, trouwens. Mar sa wienen der gjin spuitbussen mei rûkersguod nedich. En at it al te donker wie, stie der in nachtromer ûnder it bêd.



14-01-2013

Meander

Update

Der binne in pear nije - út it Frysk oerset - gedichten fan my pleatst yn it Hollânsktalich Meandermagazine.