15-08-2010

Ynterval

Der is de lêste tiid, - wat sis ik, it lêste jier? – net folle publisearre op de Kidelkollum. Der foel faaks genôch te kideljen, mar ik haw mear it idee dat iksels kidele west bin. En oer jinsels skriuwe is net echt nijsgjirrich. Gean mar nei; de âlde mantsjes dy’t hjir sneons yn it doarpshûs om fjouwer oere op de barkrukken sitte (wy hawwe gjin leagenbankje yn Boerum) hawwe it altiten oer in oar, nea of leaver net oer harren sels. Wat dat oangiet bin ik neat oars as in âld wyfke.

Dus ik kin it better efkes oer de bern hawwe. Us Maaike sil hokje (samenwenje; wat in ôfgryslik wurd! Hokje ek trouwens.), de lapen gear smite dus, mei har freon. De jonge wennet yn it goarige Goai foar syn wurk en ferhuzet no dus nei Swol, dêr’t Maaike sjoernalistyk studearret. Dy giet mei glâns oer nei it tredde jier, dus mem kin der neat op tsjin hawwe. Nee, at it dan ek mar glânzich bliuwt.

Jan hat allegear plannen. Hy is slagge foar it MBO as ICT-systeembehearder. No wie dat net sa’n keunst haw ik begrepen, want it Alfakolleezje yn Grins is wat dizze rjochting oangiet in sopsoai. Ik kin hiel wat fertelle oer wat der allegear mis is, mar it stiet al yn de kranten, dus dat soe oerstallich wêze. Stjoer jimme jim bern der mar net hinne, lit se dan mar leaver timmerman wurde of sa.
Dat wol net sizze dat Jan gjin kennis opdien hat. Der hawwe twa frijwat lange staazjes west by bazen dêr’t er aldergeloks in protte leard hat. Leare út de praktyk dus, en de skoalle it jild mar opstrike.

Mar no wol er dus luchtferkearslieder wurde, dat betsjut dat er fleantugen binnen loadsje moatte soe. As er oannommen wurdt. De proseduere om talitten te wurden ta de oplieding liicht der net om; in stik as fjouwer swiere testen wêrby’t se in soad dingen tagelyk útfiere moatte, in sûnenstest en in psychologyske test. En dan is de leeftyd ek noch wol in faktor dy’t meispilet. Se hawwe nije rekruten leafst wat âlder. Plan B, foar as er net oannommen wurdt, is HBO International Management oan de Hanzeschool yn Grins. Dat twadde sil it wol op útdraaie tink, want hy kin de bok melk prate as it moat.
Ik haw der ûnderfining mei.

Wurdt fuortset, mar wannear is ôfwachtsjen.